Katarsis
Doe’t God ferdwûn út Jorwert,
ferdwûn de slachter en de bakker.
En de doarpsgek ek, de stakker.
En by einbeslút de boer,
der bliuwt neat fan Fryslân oer,
no’t ús lân rûnom ferwylget.
Foarby, foargoed ferlern.
Moarn is der neat mear fan te sjen.
Yn ’e kroech koe ’k it sa moai sizze.
Mar hoe sil ’k it dy, myn skat, út lizze;
Dat it doogde yn ’e grûn.
Dat ‘r leafde wie foar it wûnder,
foar’t wezen yn ’t bysûnder.
Dat de roas doe ek ferwylge,
as it gers myn leave skat.
Mar wy wiene bern fan God.
De God fan doe en letter.
Dy’t mei ús run oer ’t wetter.
Ivich en aloan
en Maria en har soan.
It ferbyldzjen bin’ we kwyt.
Halleluja ta myn spyt,
no’t it wûnder ek ferwylget.
Grutskalich, lomp en plot.
‘k Ha dy leaf myn lytse skat
Ik hie God en ik hie Bach en ik hie Nietzsche.
Dat wie ferdomd net in lyts bytsje.
Mar wat jout ús dat yn wêzen,
alle boeken dy ‘t wy lêze.
As we rinne sûnder sinne
op ‘e weagen fan ‘e see
Ik ha dy leaf, hoe sis ik dat
mei as sûnder God en ivich boppedat.
Ach, it wie doe fêst net better.
Mar it wie sa moai foar letter.
De treast foar it grut farwol.
Hoe hâld in minsk it fol
as ‘r ivich libje wol.
No ‘t myn roas ek al ferwylget
as it gers myn lytse faam
is de treast my dochs ûntkaam.
De hege beammen lizze om.
In minsk giet dea, komt nea werom.
‘t Is sa keal sa sûnder God
en sa iensum boppedat.
Lykas de leafde net fertoarket
as it gers myn lytse pop.
Hâld it leauwen ek net op! |