spacer
 
spacerspacer Untitled Document
Leeuwarder Courant, Maandag 19 maart 2007
 

Humor makket tema's Breteler te fertarren

Plak: Kafee De Bûnte Bok, Ljussens. Foarstelling: Katarsis. Tekst: Gerrit Breteler. Rezjy: Joop Wittermans. Spilers: Gerrit Haaksma en Anke Bijlsma Belangstelling: Sa'n santich besikers (fol). Folgjende foarstellings: 21 en 25 maart, 1, 8, 11, 15, 18, 22 en 29 april.

LIUSSENS – Foar Gerrit Breteler, de romantikus pur sang, binne leafde en fakmanskip de essinsje fan in weardefol libben. As de skilder hâldt er him dêrom fier fan modernisme, as musikus makket er lieten dy't stiif steane fan langstme en oare dichterlike oandwaningen, as toanielskriuwer set er wat him driuwt om yn in net mis te begripen polityk boadskip: Fryslân giet troch skaalfergrutting en habsucht nei de kloaten. Dat er dêr meiweikomt, tanket er oan in talint dat yn syn skilderijen en lieten amper in rol spilet: gefoel foar humor.

De bewurking van Bredero syn ‘Moortje' net mei rekkene, is ‘Katarsis' Breteler syn tredde stik yn koarte tiid. It gie justerjûn yn premiêre yn kafee De Bûnte Bok yn Ljussens, yn in hoeke fan Fryslân dêr't it folk it fan âlds helje moat fan de lânbou en fiskerij. En dat is krekt dêr't it yn ‘Katarsis' en hast alle toanielstikken fan Breteler om giet. De skaalfergrutting en mondialisearring bedriigje net allinne de Fryske ekonomy en kultuer, mar ferfremdzje de minske fan alles wat him oan Fryslân en de Friezen bynt.
Ien fan de ynspiraasjeboarnen foar ‘Katarsis' hat Sûndermis “Twa' west, yn Fryslan foaral bekend troch de útfiering fan tryater me Jan Arendz en Klaasje Postma. Ek yn ‘Katarsis' foarmje in man en in frou efter de taap it sintrale duo en krekt as yn ‘Twa' nimme deselde spilers – yn dit gefal Gerrit Haaksma en Anke Bijlsma – de rollen fan alle gasten foar har rekken. Sa spilet Anke ûnder oaren fiskersfrou Pytsje, dy't troch alle fiskersburokrasy amper de patat foar de bern noch betelje kin, en spilet Gerrit politikus Knilles, dy't út seksuele frustraasje de Nederlânske lânbou en fiskerij nei gichem helpt, en Rudy, in esoteryske nicht mei in swak foar Gurbe Douwstra.
‘Twa lei it ferûngelokke soantsje fan it kasteleinsechtpear in dramatyske line ûnder alle losse sênes, yn ‘Katarsis' foarmje de libbensferhalen fan de gasten sa'n line. It meast tragyske ferhaal is dat fan politikus Knilles, dy't fan syn dochter skaat wurdt troch it jubelevangeelje fan dûmny Bottenbley. Mar it grutste slachtoffer is de minske fan no, dy't troch habsucht de leafde foar it hurde wurkjen ferliest en dy't troch Joop van den Ende, Marco Borsato en oare patatbakkers foar de geast elk gefoel foar kwaliteit kwyt rekket.

De beide spilers hâlde elkoar moai yn lykwicht yn ‘Katarsis'. Anke Bijlsma bliuwt yn alle rollen frij ticht bij harsels, wylst Gerrit Haaksma yn in oantal rollen it typke sike en net sûnder sukses. It is dy humor dy't de swiere tema's fan Breteler licht te fertarren makket.

SIETSE DE VRIES

spacerspacer
 
 
 
| Contact: Anke Bijlsma | Nykerksterweg 14 | 9143DN Nes |
| T: 0519 589659 | M: 06 41605898 | E: info@gerritbreteler.nl |