‘Katarsis', unyk en yndrukwekkend
Jan Jongsma
De alsidige keunstner Gerrit Breteler skriuwt de leste jieren opfallende toanielstikken. Dêrmei is er in oanwinst foar de Fryske toaninelskriuwerij. Dat die ferline jier al bliken mei Lier fan 't Tricht en no al hielendal mei syn nije stik Katarsis . De produksje fan stifting Achmea Culpa belibbe ûnder lieding fan Joop Wittermans de permiêre yn kafee De Bûnte Bok yn Ljussens.
It is oan alle kanten in unike foarstelling, dy't lytsskalich brocht wurdt yn en om de taap fan it smûke kafeesealtsje. Unyk is ek de foarm fan it stik: it is op rym skreaun en dat is hielendal gjin behindering foar it bringen fan in flotte foarstelling. Mei it rym wurdt net allinne hiel boartlik omgien mar it hat ek komyske effecten.
Katarsis wurdt brocht troch twa spilers, Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma. Sy spylje net allinne it kasteleinspear efter de taap, mar ek in tal bysûndere kafeebesikers. Dat betsjut dat se geregeld un in oare hûd krûpe en dat moat yn in fiks tempo barre.
De kar fan it Ljussenser kafee as spylplak is net tafallich. Ljussens leit ommers tsjin de âlde fiskersdoarpkes Peazens-Moddergat oan, mar grinzet ek oan lânboudoarpen. Dy twa eleminten, lânbou en fiskerij, foarmje de reade tried yn de foarstelling. It Hiele stik is in oanklacht tsjin de grutskaligens fan hjoed-de-dei. En dat net allinne op it mêd fan fiskerij en lânbou, mar ek op dat fan bygelyks de tsjerke.
De oanklacht tsjin it ferdwinen fan de lytsskaligens en dêrmei it ferdwinen fan de it lok hâldt de kafeebesikers dwaande. As earste is dat Knilles, in eardere meiwurker fan it ministearje fan lânbou en fiskerij, dy't mei foar de ûndergong fan de lytsskaligens soarge hat. No't er werom is op syn bertegrûn, sjocht er yn hoe't er op in dwaalwei west hat. Syn frou en dochterke hat er ferlern oan de grutskalige tsjerke fan Bottenbleij en iensum is er efterbleaun.
Dan binne der noch twa singuliere manlju ûnder de kafeebesikers: de altiten mei de fietshelm op rinnende simpele Ulbe en de homoseksuele Rudmer alias Rudy C. De leste hat in fassinaasje foar de sjonger en Omrop Fryslân-meiwurker Gurbe Douwstra en dreamt fan in sjongkarriêre. Oan Ulbe sit gjin frouljusfleis en syn mem hat derfoar soarge dat er meidocht oand Boer zoekt vrouw . Ek twa froulju hearre ta de fêste gasten: Hannah de friezinne dy't de wrâld sjoen hat, en fiskersfrou Pytsje dy't it lok ferlern hat mei de komst fan de frutskalige fiskerij
Woartels
Katarsis is in yndrukwekkende foarstelling: in skreau tsjin de maatskippij fan hjoed-de-dei, wêryn it Fryske folk syn woartels kwyt rekket. De tûzenen regels hawwe gaos brocht en de minske fan himsels ferfrjemde. It stik is ek in protest tsjin de oerflakkigens fan ús tiid mei syn ,,Van der Endeklyk”, chips, pinpas, magneetstrip en identiteitskaart. It gehiel wurdt ûnderstreke mei it troch Gerrit Breteler songen slotliet Doe't God ferdwûn út Jorwert. Hulde oan Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma dy't de ûnderskate typkes op bewûnderensweardige wize en mei in prachtige timing delsette. Oant yn de lytse details falt der in soad te genietsjen by dizze ferassende en unike produksje.
Foarstelling: ‘Katarsis' fan stifting Achmea Culpa.
Plak: Kafee De Bûnte Bok, Ljussens
Tal besikers: 50 (útferkocht)
Folgjende útfierings: 21 en 25 maart, 1, 8, 15, 18, 22 en 29 april |