spacer
 
spacerspacer Untitled Document
spacerNieuwe Dockumer Courant - maandag 19 maart 2007
 

Gerrit Haaksma en Anke Bijlsma skitterje yn toanielstik Katarsis

LJUSSENS - In kafee fol premiêrepublyk Wie sneintemiddei yn Ljussens tsjûge fan de earste fan in rige fan tsien opfierings fan Gerrit Bretelers toanielstik Katarsis. It stik is skreaun foar kafee De Bûnte Bok, as leaver wurdt der (sabeare) foar skreaun.
It is nammentlik sa, dat spylster Anke Bijlsma al dwaande yn it stik hieltyd tillefoanysk kontakt hat mei de skriuwer en him ideeen foar it ferrin derfan oan 'e han docht. De skriuwer spilet op 'e eftergrûn har man, dy't op 'e bern passe moat as sy yn it kafee efter de tape stiet. Se stiet dêr as de help fan kroechbaas Gerrit Haaksrna, yn it deistich libben ek kroechbaas fan dit etablissemint.
De beide minsken efter de tape skinke foar in bûnt ferskaat oan klanten in buorrel - it mei ek Fristy wêze(!) - en hawwe foar elts in lusterjend ear. De klanten spylje Gerrit en Anke om bar en dat dogge se sa geweldich goed, dat it in stik liket foar folle mear as mar twa persoanen.
De earste klant dy't delkomt is Knilles. Syn earste slokje levert spraakwater op foar in lang ferhaal oer in dream dêr't in slachterij yn foarkomt en it spultsje Tink Flink fan Gurbe Douwstra. Knilles komt faker del en geandewei wurdt dudlik, dat er in mislearre politikus, in mislearre man - hy moat 'it' ris in kear dien hawwe, mar dat heucht him net iens mear - en in mislearre heit, fan wa't it gerjocht it dochterke ôfnaam hat.
It dochterke wurdt troch de NCRV-televyzje op in bepaald stuit (mis)brûkt om Knilles meiwurkje te litten oan in reportaazje. En och, wat is Rudy C., de homoseksuele sjonger dy't it yn syn eigen eagen hielendal meitsje sil, der jaloersk op! Hy komt ommers net fierder as Omrop Fryslân en kontakten mei Douwe

Heeringa as Gurbe Douwstra. Hy is trouwens de styfheit fan Hanna, mar dy moat net folle fan him hawwe. Hanna hat de hiele wrald bereizge en wit bygelyks alles oer feesten, tradysjes en kokainesmokkel yn Mexico, mar fynt it mar neat dat har styfheit 'ut 'e kast kommen is'.
Hanna is in hiel oar slach frommes as Pytsje, de striidbere, earme fiskersfrou, dy't de flier oanfaget mei it belied fan de grutskaligens. Dizze mem fan mar leafst seis bern - soks haldt de skoalle yn it doarp -lit yn it fjoer fan har ferhaal samar de patat kald wurde en lit it fjoer yn har ljisken - it sil earst wakker wat wurde tusken har en de kroechbaas, mar dy skytskoariet der dochs tsjinoan samar wer dôvje foar har politike oertsjûging.
Wa't polityk ek in duit yn it ponkje docht, is Ulbe. Hy liket ûnnoazel, is bang foar froulju en hat op oanstean fan syn mem meidien oan 'Boer zoekt vrouw', mar gek is er perfoarst net. Ien en oar blykt wol ut de boeken dy't er allegear lêzen hat. Om Ulbe (hy drinkt allinnich mar Fristy) kin och sa lake wurde. Foaral om syn reaksjes op de iene brief dy't in frou ut Drachten him stjoerd hat en dy't Anke him foarlêst.Ek Rudy C. is in tige komysk figuer.
Hy betinkt teksten dy't Griet Wiersma bygelyks al betocht hat,
imitearret ûnneifolgber Gurbe Douwstra en gedraacht him as in stoaterske hoanne. It wurdt Anke op it lêst sels tefolle. Se giet dan sa tsjin him tekear, dat hy wanhopich útropt: "Wat doch ik yn dit stik? " In moaie fynst, in spiler mei kommintaar op syn eigen personaazje! Hy jout ek aardich ôf op de skriuwer fan it stik, dy't just troch dizze tekst sjen lit dat hy himsels wol relativearje kin.
Knilles en pytsje roppe mear meilijen en -libjen op as de laits.
Wat dat oanbelanget bringe se lykwicht yn it stik, dêr't Hanna sa'n bytsje in tuskenfiguer yn is.
En dêr't Gerrit en Anke - mei tank oan regisseur J oop Wittermans - hiel naturel harsels yn spylje!
Se dogge dat mei alle hannelingen dy't thus hearre yn in kroech, mei alles wat se elkoar freegje en taroppe (fanút de koken) en mei it te reden stean fan klanten oan de taap as oan de tillefoan. Lykas alle personaazjes yn it stik prate se op rym, mar dat falt minder op as bygelyks de pear wurden Hollansk tsjin immen fan de omrop, dy't tillefoanysk ynformaasje freget oer Paesens-Moddergat en dêrby blike lit, dat er net witte soe. wêr't dat lizze moat. Wolno, mocht er dit stikje ea lêze: deun by it Ljussens fan De Bûnte Bok, dat mei it prachtige stik Katarsis skiednis makke hat!

RENNIE VEENSTRA

spacerspacer
 
 
 
| Contact: Anke Bijlsma | Nykerksterweg 14 | 9143DN Nes |
| T: 0519 589659 | M: 06 41605898 | E: info@gerritbreteler.nl |