No ’t it âldfaarserf fertiget, ferwaakst, ús lân ferdwynt,
ferswynt wat wie, ferswolget de tiid, ’t komôf en ús ferline.
Ferstutsen fan grutskens dy’t Fryslân eartiids hie.
Yn’e dridze fan selsfoldien ferpronkje fergrieme wy it âlde skaai.
De regels bin’ ûntelber, ferteisterje it ferstân, ’t lân, de fette klaai.
Grutter, grutter, al mar mear en as it net mear wurket, stikken is, foarby
dan komt der jild út Brussel en stipe op’e buorkerij.
Stipe op’e biten, stipe op it koarn,
Stipe op ierappels mar de merke is bedoarn.
Stipe op’e lammen, stipe op’e fiskerij
Stipe op’e molke mar dêr wurdt ’n minsk yn wei.
De angel is der út , wy ha de slach ferlern.
’t Plattelân ferrinnewearret, ’t grut fallyt, wat litte wy ús bern?
De gearhing is der út,
Dan is der ek gjin leafde mear, gjin respekt foar wat der wie.
’t Iepen lân, ’t wankjend waad
en oan de fiere kime, dêr’t in folk in taal, in wurd foar hie,
ferize goddeleas grutte mûnen as útroptekens fan it net te kearen grut fallyt.
Unminsklik grutte peallen, dan bin’ we ek ús útsjoch kwyt.
De dwaling, de healwizens, dat doarmje, net begripe.
Want dy mûnen draaie wier net op’e wyn mar draaie oars net as op stipe.
Ach, Achmea culpa, de tiid hâld wer gjin skoft.
Wat der wie dat bin’ we kwyt
mei dy hiele grutte flaters yn ús foargoed bedoarne Fryske loft.
Gerrit Breteler
31 jannewaris 2006