KREDO

Gerrit Breteler | Kredo - Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma

Premjêre fan ‘Kredo’ yn kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens
Op 21 febrewaris giet yn kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens de teaterproduksje ‘Kredo’ yn premjêre. It is de opfolger fan it suksesfolle ‘Katarsis’, 170 foarstellingen rûnom yn ‘e provinsje. “Kredo’ spilet him ek wer ôf yn ‘e kroech, oan ‘e tape. Ek ‘Kredo’ is skreaun troch keunstner Gerrit Breteler.

De tematyk fan it stik giet oer it hjoeddeiske plattelân en de ferhâlding fan de minske dêrta. Wat binne de konsekwinsjes foar de minsken dy’t dêr wenje ? Hoe is de ûnderlinge ferhâlding ? Wat bart der mei de taal ?

Sykte en soarch binne yngripende saken yn in minskelibben. ‘Kredo’ lit sjen, wat dit foar Pytsje, de fiskersfrou út Paesens, betsjut. Rudmer, alias Rudy C. rekket fan ‘e wize, as der in slim berjocht te ferwurkjen krijt. Emearitus-dûmny Strikwerda is de grutte riedshear by it privatisearjen fan de sûnenssoarch. Yn syn frije tiid skriuwt er toaniel.
‘Werom yn Sidderburen’ is de namme fan it stik, dat hy yn kafee De Bûnte Bok foar it fuotljocht bringe wol. Mei assistinsje fan diva Bianca van Slageringen, dy’t har tydlik yn it doarp te wenjen set hat, moat dit stik in grut sukses wurde.

Humor en tragyk wikselje elkoar yn rap tempo of. De lokaasje, it folslein op rym skreaune skript en it bysûndere Fryske taalgebrûk meitsje ‘Kredo’ ta in unike teaterproduksje.

‘Kredo’ wurdt nêst de foarstellingen yn kafee ‘De Bûnte Bok’ yn Ljussens ek op ferskate lokaasjes yn ‘e provinsje opfierd.

Mear ynformaasje oer ‘Kredo’’ is te finen op www.achmeaculpa.nl


Skriuwer : Gerrit Breteler
Rezjy : Joop Wittermans
Akteurs : Anke Bijlsma, Gerrit Haaksma
Produksje : Stifting Achmea Culpa
 

Mear ynljochtingen bij Anke Bijlsma Tel. 06 41 60 58 98

 
   

    DY FERLIEDLIKE STOEL FAN GOD

Kroechteaterstik Kredo oer dynamyk fan Fryske mienskip  
   

Gerbrich van der Meer

Dat Gerrit Breteler net yn Fryslân grut wurden is, mar de provinsje wol fan in ôfstantsje meimakke –hy kaam as jonkje faak by syn Fryske famylje op ’e pleats- liket beskiedend te wêzen foar syn fyzje op it Fryske lân. Doe’t de keunstner der sels ienkear wenne seach er hoe’t dy bysûndere  dynamyk fan it agraryske Fryske lânskip der stadichoan ûnder strûpte troch de yndustrialisaasje yn ’e ferskillende sektoaren.

,,Troch de skaalfergrutting is it ferlet oan minsken werom rûn. It is logysk dat dy -as der de masjines it wurk oernimme- fuortlûke. Dat hat wol fan gefolgen dat de sosjale ynfrastruktuer dêr’t in mienskip op draait, ûnderúthelle wurdt. Foarútgong is in gegeven, mar it sit my o sa dwers dat der net beliedsmjittich in alternatyf socht wurdt foar dy ferlerne dynamyk.”

Mei it kroechteaterstik Katarsis dat de ôfrûne twa jier mei in soad sukses 170 kear op ’e planken brocht is, woe Gerrit Breteler it publyk in spegel foarhâlde hoe’t feroarings op maatskiplik, etysk en estetysk mêd in minske (mis)foarmje kin. Hie er yn Katarsis de gefolgen fan de yndustrialisaasje foar de agraryske sektor op it each, yn syn nijste stik Kredo is it de sûnenssoarch dêr’t syn soarch nei útgiet.

,,Kredo giet oer ús omgong mei de sûnensoarch”, fertelt Breteler. Dat is neffens him alles te krijen mei de sekularisaasje fan ‘e ôfrûne fjirtich jier. ,,Ik wit noch dat ik yn de santiger jierren net mear oan myn kollega-studinten doarde te sizzen dat ik nei tsjerke gie. Fierstente boargerlik. Leauwe wie net mear hip en dat is úteinlik in kollektive gedachte wurden. Troch de sekularisaasje is de persepsje fan it kollektyf oer it libben ek feroare. As der gjin hjirneimels is, ferfalt blykber it momint fan ferantwurdzjen. Want wêr lizze wy ús mjitte noch del? Gek genôch, hear ik dêr noait ien oer.”

Mei ûlseagen sjocht Breteler hoe’t de privatisearring fan ’e ôfrûne jierren yn ’e soarch útrûn is op in twadde yndustrialisaasje. ,,Hjoeddedei draait dy saneamde Soarch Op Maat folle mear om winst en dy wurdt by de pasjint wei helle. Hoe wolst it oars goedprate dat der besunige wurde moat op de soarch wylst der tagelyk in macht oan bonussen opstrutsen wurdt troch de hege hearen? “

As tarieding op Kredo prate Breteler mei ferskillende fersoargers dy’t op ’e flier wurken. ,,Witst dat minsken fan de thússoarch mei in GPS-systeem folge wurde wêr’t se op ’e route  sitte? Foar alles stiet tiid. In minútsje foar dit, in minútsje foar dat. As de bewenner net gau genôch nei it húske kin, moat er mar in pamper om. Alle humaniteit wurdt der út helle.” Breteler skoddet de holle. ,,It is krekt in fertsjinste fan beskaving dat eltsenien goede soarch kriget. Troch de privatisearring ferfalt soarch wer yn in klassesysteem. Dat hie net hoecht as de polityk sels it heft yn hannen hâlden hie.”

Kredo giet oer Pytsje, in Paesemer fiskersfrou en Rudy C. dy’t beide te dwaan krije mei de gefolgen fan de privatisearring fan ‘e soarch. Mar it stik giet ek oer  Strikwerda, in dûmny dy’t nei syn emeritaat witte litten hat dat er neat mear op hat mei it leauwe. Hy wurket no as etysk adviseur by in soarchfersekering. Syn posysje komt op skerp te stean as it toanielstik ‘Werom yn Sidderburen’ fan syn hân net trochgean kin omdat ien fan ’e spilers earnstich siik wurdt. As de wjerljochten wit de etikus troch syn kontakten de hân te lizzen op in frachtje medisinen dêr’t trochstrings net oan te kommen is. Sa kin de foarstelling dochs spile wurde. Ja, foar dy rol hie Gerrit Breteler in dûmny nedich. ,,Omdat ik mei dat amt op it skerpst fan ’e snede sit. ,,Strikwerda is in eksponint fan hoe’t wy minsken ús kristlike erfenis brûke nei foarm, mar net mear nei ynhâld”, fertelt Breteler. ,,Omdat wy net mear yn God leauwe, geane wy sels mar op ’e stoel fan God sitten. Sjoch nei Strikwerda. De etikus neamt himsels op in stuit it ‘ultime gewisse’. Syn alderyndividueelste gefoel foar rjochtfeardigens is de mjitte wurden. Hy hat gjin boadskip mear oan in kristlik kader of oare referinsje dy’t him stjoert en sa nedich weromfluitet. Mar dêrmei hâldt er syn langstme nei macht en omtinken net mear yn ’e stringen. Winst meitsje of oansjen krije is wichtiger wurden as ferantwurding ôflizze. Gnypsk sjantearret er de minsken foar syn doel.” Dochs rêdt Strikwerda it net yn it stik. ,,Ek al ropt er dat 2 x 2 fjouwer is. It doocht net wat er docht.”

,,Sjoch, de filosoof Nietsche sei: God is dea. Tagelyk warskôge er ús foar de kâlde wyn dy’t dêrmei opstekke soe. De filosoof Dostowjevsky sei: Wy kinne allegearre wol fine dat God dea is, mar dat wol net sizze dat God dêrmei fuort is. De ferbylding sil altyd bliuwe. 2 X 2 = 5 en dat sil noait feroarje. 

,,Sokke hedonistyske minsken as Strikwerda komst yn alle lagen fan ‘e befolking tsjin”, seit Breteler. ,,Lju dy’t út ‘e mooglikheid stappe om harren etyk te feriviearjen oan eat bûten har. Dy’t it folslein ymplodearre idee hawwe dat alles ‘maakbaar’ is. Rintmasterskip feroaret dan lykwols al gau yn masterskip.”

Breteler neamt de ôffaloven dy’t de Provinsje yn Harns bouwe wol. ,,It is bekend dat der safolle dioxide en kwik útstjit komme sil, dat dy in gefaar foarmet foar de befolking, mar de Provinsje lûkt him nearne wat fan oan. Of de Sintrale As dy’t se tusken Dokkum en Aldegea oanlizze wolle. In projektûntwikkelder hat tafallich in jildpotsje yn Brussel fûn en no moat dy ek brûkt wurde omdat dy fjouwerbaansdyk in opstekker wêze soe foar de regio. Kom no. In dyk bringt noch gjin foarspoed en dynamyk oan in gebiet dy’t leechrint. Witst dat sels de pleatslike ûndernimmers der gjin heil ynsjogge?”

Rintmaster

,,As rintmaster stelle jo oare fragen”, giet Breteler fierder. ,,Wêr leit de dynamyk fan ús provinsje. Wat hat it Fryske lânskip de minske te bieden? Hoe ferhâlde wy ús ta it plattelân? Wat docht de taal mei ús? Wannear dogge wy werklik rjocht oan ús regio? Dan sjochst dat bygelyks de griene greiden, de iepen loften, de stilte ús jeften binne. Dat eigensinnige erfguod jout ús prachtige kânsen; it daget ús út om dy kwaliteiten ekonomysk yn te setten op it mêd fan bygelyks duorsumens of toerisme. Allinnich al yn dat ramt slaan dy Sintrale As of dy Omrin-fabryk as in tange op in baarch.”

Tagelyk wit Breteler dat syn rop foar guon in skel lûd hat. ,,Breteler wol fan Fryslân in museum meitsje, sizze se dan. Mar dy hawwe it net begrepen. Fansels moatte wy fierder, mar oars. It alderyndividueelste gefoel hat hjoeddedei prioriteit, skreau de filosoof Bas Heijne lêstlyn, it jin ferbinen oan in liedende gedachte is âlderwets. ,,Dat is sa. Maatskiplik engagement is not done.”

Dochs kin er it net litte en meitsje him drok. ,,Mei Kredo wol ik sjen litte dat jo sûnder referinsje al gau slaaf wurde fan in systeem dêr’t net ien mear wat oer te sizzen hat. Sjochst ommers dat der yn mindere tiden al gau mei de finger nei elkoar ta wiist wurdt. Gewoan, omdat der gjin kader mear is wêr’t jo jo ta ferhâlde.”

Neist Strikwerda stapt der yn Kredo ek noch in diva om, de sjongeres Bianca van Slageringen, dy’t har yn it doarp te wenjen set hat en helpt om it toanielstik fan Strikwerda in sukses te meitsjen. ,,Sy stiet model foar de minske dy’t –omdat sy fan bûten komt of fan bûten de provinsjegrinzen helle is- daliks troch de mienskip omheech stutsen wurdt. Krekt as soene dy better witte wat goed is foar ús. Mar witte sy dat echt?”

Hy laket. ,,Fansels polarisear ik en sjarzear ik by it leven.... Ik brûk dy karakitueren lykwols krekt as Shakespeare en Brecht as stilistysk middel om de minsken wekker te skodzjen. Ik sjoch om my hinne dat de machtsstrukturen sa ûndúdlik wurden binne dat minsken net iens mear raar sjogge as der absurde saken barre lykas de fersuterjende sûnenssoarch of it oanlûken fan in bûtenlanner foar it Frysk Festival.”

Wêr’t de nuanse dan te finen is?,,Yn ’e moraal,” glimket Breteler. ,,Dat de measte minsken wol doge. Boppe alles fertrou ik der op dat de minske foarkomme sil dat de hiele boel nei gychem giet.” 

I Yn in besletten foarstelling wurdt Kredo moarn foar it earst opfierd yn ‘De bûnte bok’ fan Ljussens. 10 maart is de earste publike foarstelling yn it kafee. De foarstelling sil ek op toernee yn ‘e kafee’s fan Fryslân. Foar mear ynformaasje sjoch op www.achmeaculpa.nl