Noaten

Gerrit Breteler | Kredo - Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma

   

  ‘NOATEN OP ‘E SANG‘

>> foto's  
   

‘Noaten op ‘e sang ‘ is in groep fan 55 froulju, dy’t sa no en dan hyl wat noaten op ‘e sang hawwe. Se wurde begelied troch 3 akkordeonisten en 2 gitaristen en somtiden, bij spesjale optredens, troch in basgitarist , fioliste en fluiteste.

Het repertoire bestiet út lieten yn de Fryske, Ingelske en Hollânske taal. Fan popsongs oant balladen fan eartiids en no . Meastentiids trijestimmich, somtiden lyts, dan wer útbannich. Besteande lieten wurde oerset yn it Frysk, of bewurke.

Op sneon 30 jannewaris is it koar byinoar kaam om der in aktive muzikale dei fan te meitsjen. It moarnsprogramma bestie út in warming-up en in presintaasjetraining troch Anke Bijlsma. Nei de middeisbrochje studearre dirigint Meindert Bosklopper

2 lieten van Gerrit Breteler yn, tegeare mei it koar. As ferrassing kaam Gerrit Breteler sels en syn pianist Gerrit Hager om in lyts konsert te jaan. As slot songen Gerrit Breteler en it koar tegearre ‘Lit ús dêrom drinke’.