Sjong en flean
Hawar, wat sil ik sizze.
Net, dat ik net fan dy hâld.
Net, ik sil dy ivich misse.
Mar do list my ek net kâld.
Want dit liet sil ik mei dy sjonge,
fûleinich, sêft en tear.
‘k Priuw de huning op dyn tonge
en dan wol’ we beide mear.
De measte tiid is fersmiten tiid.
Ik haw myn bêste tiid oan twifels jûn
en in protte leagens fûn.
Op en del de dagen komme
as drippen op in Turkse tromme.
Ferjit de measte, mar alles net
en moffelje der neat by wei.
Alles is ek nea te folle.
En fan neat soest mear ha wolle.
Wêr as ‘t west bist is foarby,
mar moffelje der neat by wei.
Sjong no en flean,
heech of leech.
Klau de jiske fan dyn wjuk
en de sliep út dyn each.
Farwol ik mocht jim lije
mar it is tiid om fuort te gean.
Tink oan alle poëzije,
dat is gjin minsk ferbean.
Want der sit slinger yn.
De bas is leech,
sjong sa heech asto kinst.
Mar it docht dy gjin fertuten
asto tinkst oan wat asto efter list.
Ik bin fuort,
jachtsje op ‘e wyn.
Mar bring werom de meldij
en it ritme dat ik dêr fyn.
Op ‘e gatten nei sit alles ticht.
Mar op ‘e gatten komt it oan.
Guon benimme dy ‘t sicht.
Faaks fergriemst it sels gewoan.
Dy kar moast sels mar meitsje.
De tiid sil alles reitsje.
Guon ferkroadzje har faaie lea,
guon wrotte harren kroan dea.
It jout gjin sprút,
heech of leech.
Gûl de triennen út dyn each
en slach dyn wjukken út.
Gerrit Breteler,
Nes, oktober 2007-10-23 |