>>Vorige pagina<<

spacer

St. Jan de doarmer

Mem, ik sil dy bedrôvje, fertriet dwaan.
Hja wie tweintich jier doe’t se dat sei.
Mar ik joech myn siel oan st. Jan de doarmer,
moarn dan bin ik hjir wei.
Want de greide kin myn skamtme langer net keare.
De dea glûpt by nacht en by dei.
Myn lok is heilleas, myn libben sabeare.
Och mem, tink net mear oan my.

De snie dunet heech rûn ‘mul fan ‘e beammen.
Unlijich ‘t iis, kâld en skier.
De wyn skuort skossen yn fergetten streamen.
Se is klaaid yn in skelk fan papier.
Want in slynder wol syn froulju minlik.
Kwier is wat se wie.
En it fjoer fan har langstme kearde de kjeld
wêr’t har skelkje skientme hie.

Smûgjend, folgjend, steech en dreech.
Oan ein de beferzen lea.
Sykjend om in St. Jan de doarmer strampeljend nei har dea.
Se hearde syn laitsjen yn ‘e gûlende wyn.
Dûnsjend mei mem har fertriet
op in begraffenisliet.
In skelk fan papier
neist in krús fan tweintich jier.

Gerrit Breteler en Beorn Nijenhuis
Nes, oktober 2007

 

spacerspacer
 
 
 
| Contact: Anke Bijlsma | Nykerksterweg 14 | 9143DN Nes |
| T: 0519 589659 | M: 06 41605898 | E: info@gerritbreteler.nl |