Friestalig artikel over Gerrit Breteler uit het Friesch Dagblad

Friesch Dagblad, 17 novimber 2007

De ivige driuw om boppe it einige út te kommen


Byldzjend keunstner, muzikant en skriuwer Gerrit Breteler:
Door, Gerbrich van der Meer

Byldzjend keunstner Gerrit Breteler timmeret oan ‘e wei. Loovjende resinsjes kriget er op syn skilderwurk. Mar ek as skriuwer en muzikant lit er fan him hearre. De foarstelling ‘Katharsis’ is in grut sukses. 26 jannewaris giet syn nijste wurk Opus exit- in requiem yn Ljouwert yn premiêre.

Hy wit it noch as de dei fan juster. ,,Ik moat in jier as fiif, seis west hawwe doe’t ús heit my meinaam nei it Twents museum yn Enskedee, dêr’t wy doe wennen. Dêr hong in hiel lyts skilderij fan Rembrandt.”
It skilderij rekke him djip. ,,Dat kaam net fan de ôfbylding, hear. Earlik sein wit ik net iens mear wat der op stie.” It wie de magy fan de ferve dy’t him betsjoende. ,,In abstrakte herkenning fan eat wat fier boppe my út rikte.”
Hy wist net better as syn heit hie de selde erfaring. ,,Witst dat ik der pas in jier as trije efter bin dat net eltsenien op sa’n wize fielt?”
Jierren letter hie er de selde erfaring mei in stik fan Johann Sebastian Bach. ,,Ik wie fjirtjin doe’t ik it dûbelkonsert yn D fan Bach kocht. Ik koe der net genôch fan krije. As it stik út wie, sette ik it op ‘e nij op, en wer en wer. Ik woe witte wat it geheim wie fan dat wurk.” In skoft letter kuiere er by it strân lâns. ,,Ik seach hoe’t de see yn weagen it strân opkaam en him wer werom luts. Hieltyd op ‘e nij. Grutte weagen, lytse weagen… Ynienen begriep ik Bach.Yn de oerkrêft fan de see seach ik de harmonije en kadâns fan Bach syn muzyk werom; de krêft dêr’t it wêzen fan de skepping sintraal yn stiet, de minske, mar ek de lust, dêr’t ik as opgroeiende adolessint doe krekt in soad mei dwaande wie.” Foar Breteler wie de see de fysike utering fan it konsert yn D.
Breteler wie ek gefoelich foar filosofyske bespegelings. ,,Ik woe witte wat de djipste bedoeling wie fan it libben. Ik wit noch dat ik as lytse tinkerke derefter kaam dat ús libben op dizze ierde einich is; dat wy lykas it gers út dy prachtige psalm 103 ferdwine soene. Dat besef skeat as in bliksemflits troch myn lyts holtsje hinne. Yn it skilderij fan Rembrandt fûn ik in antwurd. Yn de magy fan de ferve seach ik it gefjocht werom om boppe dat eindige út te kommen.”
Wat Breteler mei it wurk fan Rembrandt hat, hat er mei Bach, mar ek mei it leauwe. ,, Dostowjevski seit dat it minskdom feroardiele is om te leauwen. Dat fiel ik wol mei, it is dyselde striid: de langstme om boppe it einige út te kommen.”

Autentisiteit


Gerrit Breteler waard yn 1954 berne yn Enskedee út in Fryske mem en in Hollânske heit. ,,Us heit komt út de deftige tak fan de Bretelers. In hiele soad professoren; hege huodden, swarte moffen en swarte glimmende auto’s.” Heit Breteler sels siet yn de tekstyl. Hy hie in bêste baan op it kantoar.
,,Us heit wie in yntroverte man,” giet Gerrit Breteler fierder. Dat hie alles te krijen mei syn tsjinsttiid yn Indië. ,,Hy hat skokkende dingen meimakke. Syn twillingbroer is dêr omkommen.” Thús waard der noait oer praat. ,,Mar koest wol fernimme dat it traumatysk west hat. Dat hat him wierskynlik ek sa rasjoneel makke. It boartlike wie derút.” Mei it keunstnersskip fan syn soan hie heit Breteler net in soad op. ,,Der moast bôle op ‘e planke komme. Strak en rjocht foarút. Wylst ik graach dwaalspoaren sykje. Hy koe mei my net út ‘e fuotten. Pas oan ‘e ein hat er fernimme litten dat it goed wie wat ik die. It hat my treastge. It wie goed sa.”
Syn mem kaam út in Frysk boerelaach. ,,Ik koe goed mei de famylje fan ús heit, mar ik hie mear mei de famylje fan ús mem. Simmers wie ik altyd yn de wâlden of op ‘e klaai te finen. Moai waar, ljippen en skriezen genôch, altyd ûngetiid. Ik genoat!”
De sosjale koades dy’t boeren ûnder inoar hawwe, binne ek hiel oars as dy fan professoaren”, giet Breteler fierder. Op it plattelân fûn ik de autentisiteit dêr’t ik nei op syk wie.” Breteler fûn in logika dy’t er befetsje koe. ,,De minsklike mjitte, it respekt foar wat libbet, it wûnder fan it wêzen fûn ik hjir werom.” De sykli fan natoer en libben joegen him ynderlike rêst.
Yn 1967 ferfear de famylje nei Hurdegaryp. In befrijing foar Gerrit Breteler. ,,Yn Enskedee haw ik my noait thús field. Yn Fryslân hie ik de earste moannen de hiele tiid it gefoel dat ik fakânsje hie.”

Behearsking


Yn Ljouwert folge Breteler de Vredeman de Vries Keunstakadeemje. Dêr lei er him ta op de techniken fan de masters út de Goudene ieu, dêr’t er troch fassinearre wie. ,,De santjinde ieuske skilders hawwe yn har wurkjen sa’n logyske opienfolging fan hanneljen. Dat stelt dy yn steat om kompleksens werom te bringen ta in oantal streken. Sjochst dy portretsjes fan myn bern? It liket in hiel soad wurk, mar dat is it net. Je kinne eins net omgrieme. De technyk fan dy masters is ien en al systeem. Yn it leechstriken fan de fervekwast sit de behearsking fan de kompleksiteit, fan de gaos kinst ek sizze.” Breteler neamt him nei lang tinken úteinlik in romantysk realist. ,,Myn skilderijen wolle pikturale lekkernijen wêze. It giet net om in realistyske werjefte, mar om mýn werjefte fan de realiteit. As it ljocht krekt wat oars falle moat om mear dramatyk yn it portret te krijen, dan doch ik dat.”
De santjinde ieu sprekt noch altyd ta syn ferbylding. ,,Yn dy ieu wie der troch de hege libbenstandert fan de befolking alle romte foar filosofy, keunst en literatuer. Keunstners wurken net yn de marzje, mar hiene in fêst plak yn it maatskiplike ferkear. ,,Der wie o sa’n akûstyk foar keunst, filosofy en literatuer. Dêrtroch ûntstie in enoarme elektrisiteit. Dêr bin ik wolris jaloersk op. As je hjoed de dei sizze dat je byldzjend keunstner binne. No, dêr kinne je hast net mei oan komme.”
Neist syn wurk as skilder wie Breteler de ôfrûne jierren as muzikant yn mannich muzykgroep te finen. Ek no treedt er noch regelmjittich op mei lieten en foardrachten. De lêste tiid hâldt er him lykwols hieltyd mear dwaande mei tekst. ,,Skriuwe fyn ik in feestje”, laket Breteler. ,,It wie in fantastyske ûntdekking te fernimmen dat ik yn it skriuwen gebrûk meitsje kin fan de kritearia dy’t ik yn de skilderkeunst hantearje. Foar my is skriuwen in kompromis tusken skilderjen en muzisearjen. Muzyk meitsje doch ik graach, mar ik bin net betûft genôch om dy kritearia om te setten yn muzyk. Yn it skriuwen slagget dat wol. Ja, dat is echt in kadootsje.”
Opfallend oan Breteler syn stikken is dat er se oant no ta allegearre op rym makket. ,,Dat doch ik foar de kadâns. Guon fine dat dan wol wer genôch sa. Mar ik bin noch lang net fan doel om dêr mei op te hâlden.” Oft er yn syn wurk krekt ferlet hat fan dy beheining? ,,Just. It wurkjen mei rym jout my enoarme mooglikheden, it iepenet gedachtegongen dy’t ik oars noait hân hie.”

Requiem


Syn foarstelling Katarsis rint op dit stuit al in jier yn kafee De bûnte bok yn Ljussens. Syn frou Anke Bylsma en Gerrit Haaksma, kroechbaas fan it kafee spylje de foarstelling. Alderhande markante personaazjes dy’t it kafee oandogge hâlde elkoar en it publyk in spegel foar hoe’t feroarings op maatskiplik, etysk en estetysk mêd in minske (mis)foarmje kinne. It stik hat in dúdlike boadskip: as in minske syn woartels net hoedet en noedet, wat bliuwt der dan fan syn wêzen oer.
It requiem Opus Exit dat 26 jannewaris yn Ljouwert yn premiére giet, azemet inselde boadskip. ,,It requiem giet oer de teloargong fan de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat dy’t yn de nacht fan 5 op 6 maart 1883 yn needwaar telâne kaam” fertelt Breteler. ,,mar it giet ek oer in kultuer dy’t teloargiet en úteinlik sels oer jins eigen libben dat foarby giet.”
Neffens Breteler rekket de minske troch de mondialisearing de gearhing yn it belibjen fan it (boere)bestean kwyt. ,,Identiteit hat foar my neat te krijen mei nasjonalisme, mar mei gearhing. It giet derom dat je weet hawwe fan de krite dêr’t je yn libje en de minsken dêr’t je mei libje. Máxima sei lêstlyn dat de Nederlanner net bestiet. Dat wit ik noch sa krekt net. Der is sels ferskil tusken Wierumers en Peasumers. Dat hat alles te krijen mei kulturele en sosjale koades.”
It ferlies oan identiteit is net allinnich in Fryske oangelegenheid, fynt Breteler. ,,Mar it is oan Fryslân sa dúdlik te sjen. Dat ieuwenâlde tradysjes yn ien generaasje ferdwine. It Fryslân dêr’t myn bern yn opgroeie is sá folslein oars as doe’t ik as lyts jonkje fan bûten yn dizze krite kaam.”

Breteler wol seker net yn nostalgy hingjen bliuwe. ,,Wat dat oanbelanget bin ik realist genôch. Ik wol net smoare yn de dize fan benauwenis, sa’t Douwe Hermans Kiestra sa moai seit yn syn fers ‘De fuortgong’. Ik wol folwoeksen en grutsk, mei de holle omheech, mar wol mei each foar myn eigen woartels, it libben troch.”
Wat Breteler syn missy is? ,,Ja, hoe moat ik dat sizze. Ik wol gryp krije op tal fan saken dy’t net te gripen binne. Yn myn skilderwurk, yn myn skriuwen, mar ek yn myn tinken. Uteinlik doch ik neat oars as fan it iene op it oare plankje ferve strike. Mar dat proses docht hieltyd in appèl op my. It is in estetysk gefjocht, in ivich dilemma, in sykjen nei kritearia. Wat doocht en wat net? Wannear haw ik goed dosearre, wannear is it tefolle, wannear te min? En wêr hingje jo dy kritearia oan op. Wa of wat bepaalt no krekt wat moai , goed, rjochtfeardich is.Dat hat wer alles mei identiteit te meitsjen.”
In ûnbewust estetysk kollektyf hat bygelyks ynfloed op de wurdearring fan syn skilderwurk, seit Breteler. ,,Guon sizze; dy technyk fan dy is efterhelle. Dat hawwe wy al hân. Dan begjint it by my te brûzjen. ‘Dat sille wy dan noch wolris sjen’, tink ik dan. Ik sykje de wierheid net yn trends mar yn myn eigen dingen, yn myn eigen beskôgings, yn it wêzen. Ik bin autonoom, en wol dat ek graach bliuwe.”

webwerkt.nl | ©2008