Untitled Document
     

OPUS EXIT

     
     

“In Frysk requiem”

1.Ûvertuere

2.Koar:

Hark, hark en sjoch werom.
De âlde kêde lûkt de skrale, fermôge wein.
Steapelheech lizze dêr de wjerkôge,
ûnfertarde dogma’s fan Calvijn.
De âlde hynst rint yn ‘e stokken
en it team is och sa wreed.
Syn rudich fel bestoppe ûnder
it bloed trochkrongen boetekleed,
oan de earen, oan it wyt
fan de eagen ta yn skuld.

2a. Koar:

Dêr komt de siedder fan it nije sied.
De stoarm, de kâlde nacht,
it is tsjuster wer en let.
De seine oer it skouder,
mar meane kin er net.

2b. Koar of solist

Wêr binn’ de dagen keard?
In amerij wie hûndert jier
en tûzen jier is neat.

3.

Farwol myn heitelân,
troch selsfoldienens pleage.
De kealtsjes yn it hôf,
de hynders yn ‘e beage.
De blommen yn it fjild,
ferruile foar it jild.
It jachtsjen, al mar mear
beton en fluchferkear.
Der is gjin paad werom.
It doarmet yn ús dreamen.
Gjin treast foar it grut farwol
as sâlte triennen streame,
want alles giet foarby.
Wa nimt de skientme mei,
de romte en de tiid,
de nea te winnen striid?

4. Solist

Doe’t God ferdwûn út Jorwert,
ferdwûn de slachter en de bakker
en de doarpsgek ek, de stakker
en by einbeslút de boer.
Der bliuwt neat fan Fryslân oer,
no’t ús lân rûnom ferwylget.
Foarby, foargoed ferlern.
Moarn is der neat mear fan te sjen.
Yn de kroech koe ‘k it sa moai sizze.
Mar hoe sil ‘k it dy, myn skat, útlizze?
Dat is doogde yn de grûn.
Dat der leafde wie foar it wûnder,
foar it wêzen yn ’t bysûnder.
Dat de roas doe ek ferwylge
as it gers, myn leave skat.
Mar wy wiene bern fan God!

De God fan doe en letter,
dy’t mei ús rûn oer ’t wetter.
Ivich en aloan.
Ek Maria en har soan.
It ferbyldzjen binn’ wy kwyt,
halleluja, ta myn spyt,
no’t it wûnder ek ferwylget,
grutskalich, lomp en plat.
‘k Haw dy leaf, myn lytse skat.

Ik hie God en ik hie Bach
en ik hie Nietzsche.
Dat wie ferdomd net in lyts bytsje.
Mar wat jout ús dat yn wêzen,
alle boeken dy’t wy lêze,
as wy rinne sûnder sinne
op ‘e weagen fan ‘e see?
Ik haw dy leaf, hoe sis ik dat?
Mei of sûnder God en ivich boppedat.

Ach, it wie doe fêst net better.
Mar it wie sa moai foar letter.
De treast foar it grut farwol.
Hoe hâldt in minsk’ it fol
as er ivich libje wol?
No’t myn roas ek al ferwylget
as it gers, myn lytse faam,
is die treast my dochs ûntkaam.

4a. Koar:

Der is gjin muze mear.
It is oars net as matearje.
Gjin wûnder, gjin ferlet
fan ’t alderâldst mystearje.
Wy ha alles yn ‘e hân,
de see, de loft, it lân.
Mar it ôfskie en it kwea
ferlitte in minske nei de dea.

4b. Solist:

De bangens foar it libben,
it ferfrjemdzjen fan de dea.
De bange dwaas,
hy ropt en raast fan goed en kwea.
Der is gjin wierheid, gjin gebod,
gjin eigen himel, eigen lot.
Gjin duvel, hel, ferlerne skuld.
It is allegear sabeare.
Hark nei de fûgels. De tiid, de tiid
sil ’t leare.

4c. Koar:
Nimmen wit foarút te sizzen
hoe en hoenear’t ’t wêze sil.
Stie er krekt eat út te lizzen,
foel er healwei prûstend stil.
Knoff’le ’t wynglês him út hannen.
‘Bats’ oan barrels op ‘e flier.
Stiek it bolderjen fan mannen,
sa’t de see brekt op in pier.
Dien is ’t glimkjend selsbetrouwen.
Piipjend slacht de doar yn ’t slot.
Sjochst syn bange hân noch klauwen n
ei it wrede knyft fan God. ’
t Drôve knyntsje sa skansearre,
drôve snie, drôf strjitlampljocht.
Sa’t er libbe moast er stjerre.
Dat wie dat, it is folbrocht.
(“In uw handen”, Gerard Reve 1965)
(Oerset troch Hylke Tromp)

4d. Koar:

Oer de droech beferzen fjilden
naait de âlde winter út.
Wylst yn ‘e sinne op it suden
it farske grien de grûn út sprút.
De iere simmersinne
brekt it alderbêste iis.
Oer de terpen gean’ de guozzen
nei it noarden, kâld en griis.

Boppe geile, griene greiden
sjongt de ljurk syn heechste liet.
Sjonge soarg’leas jonge fammen
oer harren willich wreed fertriet.
Yn har simmertinne jurkjes,
ivich frije yn it hea.
Lykas fette maitydslammen
ek gjin weet ha fan de dea.

5. Solist:

It fjoer dat sa baarnde
dat it iis derfan raande.
De wyn en de dize
foar de dwaas en de wize.
Dat it libben in lust hie
en de lust ek in doel wie.
De rein yn it wetter.
Wat stiller wat better.
Dat wie fierwei it bêste.
De earste de lêste.

It ljocht yn de eagen.
It skom op de weagen.
De swietrook, de greide
en psalm hûnderttrije.
Lyts wie de merke
en oeral in tsjerke,
dêr’t eltsenien song.
De jarre, de dong.
It iis op de sleat.
Der feroare hast neat.
It begrutsjen ferskynt
en de moanne ferdwynt.
Aanst is it sa fier.
De kop wurdt sa swier,
it fleis och sa min.
Kom leafste, ik gean.
Hark nei de fûgels,
it liet sûnder ein.
Fan alle tiden,
mar der wurdt has neat sein.

It giet oer de leafde
fierwei it meast.
Dat ivige sjongen
is ús ta treast.
En wat sill’ wy sjonge,
it hert út de longen
oer alles wat wie
en ea bestie.
It paad derhinne
kin elts wol rinne.
Kom leafste, ik gean.
It is al let.
De wei werom,
ferjit my net.

5a. Koar:

Hark nei de fûgels.
It liet sûnder ein.
Fan alle tiden,
mar der wurdt hast neat sein. 2x

5b. Solist/koar:

Hâld fol, fol moed.
Wa’t leafde hat, hat altyd noed.

Solist:
De kop derfoar!
It hert yn beide hannen.
De swiete tate, de lêste doar,
de lêste trien.
Do hast it wol mei leafde dien.

De weagen sill’ hymje.
De wyn sil wer waaie
út it noarden, it easten,
nei ’t westen wer draaie.
Mei rjocht en mei reden
of doelleas en blyn.
As alles foarby giet feroaret de wyn.

5c. Koar:

Oer de griene, Fryske fjilden
slacht de roek syn wjukken út.
Leit it hea wer yn de wurdzen,
jout de faam de feint in tút.
Yn har simmertinne jurkje
wol hja frije yn it hea.
Lykas fette maitydslammen
ek gjin weet ha fan de dea.

6a. Solist en koar

Farwol do teare nacht,
do iere moarntydsgloede.
De stilte is ferdreaun
troch healwize lûden.
It neimakke sied.
It net te sjongen liet.
De wierheid, it grut gelyk.
Mar nea gie it sa bryk.

Farwol myn heitelân,
troch selsfoldienens pleage.
De kealtsjes yn it hôf,
de hynders yn de beage.
De blommen yn it fjild
ferruile foar it jild.
It jachtsjen, al mar mear
beton en fluchferkear.

Der is gjin paad werom.
It doarmet yn ús dreamen.
Gjin treast foar it grut farwol
as sâlte triennen streame.
Want alles giet foarby
en naam de skientme mei.
De romte en de tiid,
de nea te winnen striid.
Der is gjin muze mear.
It is oars net as matearje.
Gjin wûnder, gjin ferlet
fan ’t alderâldst mystearje.
Wy ha alles yn de hân.
De see, de loft , it lân.
Mar it ôfskie en it kwea
ferlitte in minske nei de dea.

6b. Resitatyf

Koar:

De âlde dogma’s falle
yn de jarre en de dong.
De psalmen en de spreuken,
hoe prachtich dat ek song.
Foargoed foarby it himelryk,
fersmoard yn ’t stjonkend slyk.
Hy sil it siedzjen leare,
mar alles is sabeare.

DEKLAMAASJE

Op ‘e kiezzen knappend,
de ûnfertarde dogma’s withoe fyn.
De kêde lûkt de ballen op.
De holle eagen fan de fuorman bliuwe blyn.
De tsjillen stykje yn de jarre,
Dan wurdt it stil en krimpt de wyn.
De siedder fan it nije sied slacht de deade fuorman del.
Sjocht de troch en troch wjerkôge dogma’s,
Wit fan himel noch fan hel.
De antitezes, de hypotezes
falle as ferdroege blêden
Yn de jarre en de dong.
De psalmen en de spreuken,
Alles wat yn tsjerke sa moai song,
Fersûpt yn de gleie dridze,
yn it stjonkend slyk.
De âlde kêde gûlt,
De fuorman is ferwylge
en noch minder as in lyk.
En de siedder sil it siedzjen leare,
Hy saait de boel derhinne,
Rompslompich, net te kearen.
Sjoch, hoe’t it ta de grûn út brûst
As twa firussen mutearje.
Hy smyt alles oer de grûn,
Baaiend yn it kâlde swit.
Mar de grize giet him oer de grouwe
As de hiele rotsoai woartel sjit.
No moat er meane,
Mar hoe rêdt er dat?
Meane moat er wat er selsfoldien
en glimkjend siedde hat.
It is de siedder yn de plasse slein.
Dêr leit it erfdiel fan Calvijn.
Hy sjocht de plastik fruchten
Ta de grûn út kommen.

Ferfolch koar:

No moat de siedder meane
mar hoe rêdt er dat?
Meane wat er selsfoldien
en glimkjend siedde hat.
It is him yn ‘e plasse slein,
it erfdiel fan Calvijn.
Foargoed foarby it himelryk.
Fergien yn ’t stjonkend slyk.

6c. Koar:

En wa’t frijde yn ‘e simmer,
yn ‘e gleone ûngetiid,
ferliest har glâns al yn oktober
yn in nea te winnen striid.
Oer it waad komme de guozzen.
See slacht hymjend op ‘e dyk.
Alle simmertreast bekuolle
en fersopen yn it slyk.

6d. Solist

Wy sille bouwe en brekke
as fûleinige gekken.
Wy roppe, wy raze
fan goed en ferkeard.
Mar fan ’t wêzen, myn leafste,
begripe wy neat.
Mei rjocht en mei reden
of doelleas en blyn.
As alles foarby giet feroaret de wyn.
Hoedzje en noedzje
de hunich, it bloed.
Wês net al te goddeleas
en ek net te froed.

7. Solist

No’t alles al ris sein
is en alles al ris dien.
No’t alles al ferflein is
ta jiske en stof fergien.
It wankend Waad fan Peazens,
de dea ta einbeslút.
De gleone langst, treasteleazens.
Giet dat gleie fjoer no út?

Wa tute my de mûle,
myn boarsten, lippen, lea?
’t Ferlied dêryn beskûle,
mar alles giet wer dea.
De rook fan wylde krûden,
myn ljisken geil en wiet.
De kliemske maitydslûden.
De ljurk, itselde liet.

Dyn triennen wol ik wer priuwe,
dyn sâlte swit, hoe’t it wie.
Ik wol hjir eins wol bliuwe,
o goddeleas fertriet.
O wûnder fan it wêzen.
De swietrook fan it hea.
De ljurk syn sang beferzen
ta dy iene, oer de dea.

7b. Koar:

Hark en sjoch,
wy kinne it net daaie,
de wierheid.
It giet altyd bryk.
De wyn sil ivich draaie.
Lit ús dan yn frede drinke,
hieltyd op ‘e nij.
Inoar wat leafde skinke.
Wy binn’ hjir samar wei.

Smyt wat ticht sit no iepen
en helje lucht en libben yn.
En ek al leist heal te sliepen.
Hjoed sude-, moarn westewyn.
Lit dyn lust net bedjerre.
Slach dyn gouden wjukken út.
Nimmen hoecht dom te stjerren.
Fleurichop by einbeslút.

Gerrit Breteler 2007

webwerkt.nl | ©2008