Untitled Document

FOARWURD

Alle dagen fyts ik nei myn atelier. Ik smar de ferve fan it iene plankje op it oare plankje. Soks is in frijwat yngewikkelde hanneling, in striid tsjin in net te temmen gaos, dêr’t de ein sawat fan wei is. Hoe hellest it yn de plasse? Wat is goed en wat is tsjoed, ferkeard en min? Wat doocht en wat is ûnrjochtfeardich? Wat is de foarútgong? Yn de ôfrûne tritich jier gean ik omtrint eltse dei op myn fytske troch it gea, tritich kilometer lang. It is it dekôr fan myn prakkesaasjes en ik haw sjoen, dat dy eftergrûn der net himmeler op wurden is. Wat is moai en wat is ûnsjoch? Wat is de priis fan de foarútgong?

Hikke yn Ynskedé oftewol Enschede en heal tein yn Fryslân, beskôgje ik mysels as in heale Fries. As bern hie ik altyd langstme nei it lân fan ús mem, Fryslân. Dêr wie it wiere libben! Dêr wiene boeren en kij en fûgels. Dêr hiene de lju harren eigen taal. Dêr wie gearhing, koheezje, dêr’t ik sa’n wurd om sis.

Doe’t ik sa’n jier as fjirtjin wie, giene wy nei Fryslân te wenjen. Ik sette myn wiffe stappen fan myn adolessinsje op Fryske grûn, op klompen. Ik wie fol fan romantyk, idealen en ferwachting, mar boppe-al ferskuorrende nayf. Ik learde Frysk en yntegrearre yn in mienskip, dy’t op de sprong stie yninoar te stoarten. Sicco Mansholt stiek it wrede knyft djip yn it lân fan ús mem. Dat wie de oanset ta it fermoardzjen fan in ieuwenâlde kultuer. Dat die sear! En it is my hieltyd noch slim yn de wei.

"Waarom" een fragment van de Omrop Fryslân uitzending...

Sûnt is der in soad op ús ôfkaam: de skaalfergrutting, de ‘maakbaarheid’, it opportunisme, de ynskrabberigens, de ekonomy. Wy rekken oan it sekularisearjen: God ferdwûn út Jorwert. En doe wiene de rapen gear. It wiffe lykwicht fan it kaartehûs fan Mansholt moat oer alle boegen skoarre, subsidiearre en mei withoefolle regels en wetten oerein holden wurde. Dy selsfoldiene hâlding fan: wat ha wy it mei ússels troffen, is ús al wakker hiem. De Amerikaanske total remake is as in oanboazjende stoarm oer ús hinne flapt. De ‘kiloknallers’, de bio-yndustry, de wenboulevard, de ynfantilisearring of ‘ferbernliking’, sa’t jo wolle, fan de konsumint. De etyske en estetyske gefolgen fan dizze ‘folsleine werskepping’ binne ûnbidige grut. Wy hawwe fan kultuer in yndustry makke. It Fryslân fan ús mem wie in folslein oar Fryslân as it Fryslân fan myn bern, dy’t ek de oerbernsbern (oerpakesizzers) fan de skriuwer Reinder Brolsma binne. Ta syn neitins skreau Douwe Kiestra it nei myn betinken skoanderst Frysk gedicht “De Fuortgong”:

Och, dat de winter oer dit Fryslân, God
en mannich syn folein’ge libbenslot,
dôch komme mocht yn kleare tsjusternis
en net yn dize en benauwenis;
Net sa helpfallich lyts, beheind fan wrâld,
al slacht it herte traach, al wurdt it âld,
dat dôch de jeld ús hjirre net omklamme
mei soargesyktmen, dat wy net beskamme
leech oer de grûn in lêste ôfreis sochten
yn kâld swart wetter fan de djippe tochten,
dy’t Fryslân folle hat, tèfolle Hear!
Och dat ús fuortgean ienris jimmer mear
de staad’ge wjokslach en it hege fleanen
oer steile berchtmen, fan de swarte earnen
of fan grutte, wite en wylde swannen hie
yn djippe nachten boppe djippe snie;
Dat dit ús fuortgean neitiid de ferheven flecht
fan fûgels fine mei, yn let mar hecht
betrouwen dat de fiere fuortgong komt
foarby de winter yn de blauwe romt.
                 Douwe Hermans Kiestra

Hawar, wat dochst dermei? De fêststelling fiteret jin oan om troch te gean, der oars oer te kedizen, oars te beslissen, it roer om te smiten. Net leech oer de grûn yn flarden fan benauwenis, mar mei de ferheven flecht fan wylde swannen boppe drôve snie, rinnend op it wetter, op ‘e weagen fan de see.

Gerrit Breteler, Nes (Dongeradiel), 10 jannewaris 2008.


Foar de Fryske premjêre:
Frysk requiem “Opus Exit” Grote of Jacobijnerkerk Leeuwarden, oanfang 20.00 kaarten € 15,-

info: www.cantatrix.nl - kaartreservearring: f.devries01@chello.nl - mefr. A Bijlsma 0519 589659 / 06 41 60 58 98

 

webwerkt.nl | ©2008