In nij stik fan Gerrit Breteler, spile troch it toanielselskip “Ach, Achmea Culpa” út Dongeradiel.
Rezjy: Jan Arendz

Alle rykdom fan’e wrâld is net by steat en kompensearje de geastlike earmoed fan de grutte Lier fan’t Tricht. Syn dochter Ilia is syn spegel en om ‘e wille fan har mentale sûnens giet hy nei de psychiater Itzela Benedictus. Ek Lier syn soan Idemantus hat in tik fan de mûne meikrigen. Der komt in frjemdsoartich frommis yn ‘e mieden te wenjen. Dizze ‘frou’ hat noch wat te ferhakstûkjen mei Lier fan’t Tricht. Se bespilet him mei de muze en Lier rekket stadichoan de tried kwyt.
De rykdom fan syn beurs wurdt syn brevet fan ûnfermogen…


 

Spilers:

Lier fan’t Tricht - André Beeksma
Bean - Jisk Wijma
Sigrid Renske Haaykema - Tsjibbe Veenema
Itzela Benedictus - Gerrit Haaksma
Idemantus fan’t Tricht - Jelmer Grijpstra
Riemersma - Lourens de Zee
Adelbrecht - Esther Grijpstra
Ilia fan’t Tricht - Anke Bijlsma
Elske Haaykema  - Arianne de Ruiter

Klean:

Johanna Dijkman
Boukje Dijkman

Muzyk:

Nynke Laverman
Jelke Koolstra
Gerrit Breteler

 
 
 
| Contact: Anke Bijlsma | Nykerksterweg 14 | 9143DN Nes |
| T: 0519 589659 | M: 06 41605898 | E: info@gerritbreteler.nl |