|
|
| |
| Dizze musyk is yn syn gehiel brûkt by ‘Oer him’ en wurdt ek brûkt yn ‘Lier fan ’t Tricht’.
It is in ûnderdiel fan in requim wat komponearre wurdt foar de trilogy 1. Oer him, 2. Lier fan’t Tricht en 3. Krimpende wyn. |
|
Tekst:
Sjongen:
Musyk:
|
Gerrit Breteler
Nynke Laverman
Jelke Koolstra - Gerrit Breteler |
|
| audio: |
Oer him (wma) << afspelen. |
|
|
|
No ’t alles al ris sein is
en alles al ris dien.
No ’t alles al ferflein is,
ta jiske en stof fergien.
’t Wankjend waad fan Paesens,
de dea, ta einbeslút
de gleone langst, treasteleazens.
Giet dat glaaie fjoer no út?
Dyn triennen wol ik wer priuwe,
dyn sâlte swit, hoe wie ‘t ?
Ik wol hjir eins wol bliuwe.
Oh, goddeleas fertriet,
oh, wûnder fan it wêzen.
De swietrook fan it hea,
de ljurk syn sang beferzen
ta dat iene, oer de dea.
Wa tute my de mûle
myn boarsten, lippen, lea.
’t Ferlied dêr yn ferskûle,
mar alles giet wer dea.
De rook fan wylde krûden,
myn ljisken geil en wiet.
De kliemske maitiidslûden,
de ljurk itselde liet. |
 |
|
 |
Ik woe fleane oer de weagen,
Sloarvje út ‘e trange trôch.
Leau ik, leau ik yn ‘e leafde,
Dan leau ik perfoarst genôch.
Unfolslein en ûnfoltôge,
ik woe, ik soe, altyd beret
Leau ik, leau ik yn ‘e leafde,
’t komt, sa ’t giet, ferjit my net.
Koar :
Ik woe rinne op it wetter
ik soe en woe, no is’t te let.
Leau ik, leau ik, yn’e leafde,
hoe dan ek, ferjit my net.
Gerrit Breteler, augustus 2005
|
|
| |
|
|
| |
|